Frou bekent fernielings Hallum

02 des 2013 - 14:02

In frou fan 24 jier út Hallum hat bekend ferantwurdlik te wêzen foar it fernielen fan 27 auto's yn har doarp. It giet om it ôfbrekken fan spegels, rutewiskers en antennes en it bekrassen fan de auto's. De frou die dat tusken heal maaie en july fan dit jier.

Nei oanlieding fan it plysje-ûndersyk en it besjen fan bylden fan bewakingskamera's koe de frou snein oanhâlden wurde. Der is proses-ferbaal tsjin har opmakke en meikoarten moat se foar de rjochter ferskine.

Trefwurden: 
plysje Hallum fernielings
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)