Auto mei persoan yn kanaal fûn

02 des 2013 - 12:52

Yn in auto yn it Van Harinxmakanaal is in persoan fûn. De auto waard moandeitemoarn fûn by de Lorentzkade yn Ljouwert en troch helptsjinsten út it wetter takele. Doe waard dúdlik dat der ek in stoflik omskot yn 'e auto oanwêzich wie. Meiwurkers fan provinsjale wettersteat wienen mei in kraan yn it kanaal oan it wurk doe't se de auto seagen.

De plysje docht noch ûndersyk en kin gjin details oer it slachtoffer jaan. It skipferkear hat in skoft stillein om't dûkers ûndersyk dwaan moasten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)