Opfang en pjutteplak gelyk

02 des 2013 - 12:33

De pjutteboartersplakken moatte oan deselde kwaliteitseasken foldwaan as de berne-opfang. Dat hat minister Asscher moandei de Twadde Keamer witte litten. De berne-opfang en it pjutteboartersplakkewurk falle aanst ûnder itselde tafersjoch en wurde op deselde wize betelle. Dat moat foar mear dúdlikheid soargje en in bettere oansluting jaan op it basisûnderwiis. Neffens de minister jout dat de bern letter bettere kânsen op de arbeidsmerk. De pedagogyske kwaliteit fan de opfang moat ek omheech, troch in bettere miks fan HBO- en MBO-meiwurkers.

Belange-organisaaasje BOINK fynt dat in goede saak. Neffens BOINK bliuwe de gemeenten wol ferantwurdlik foar in regeling foar in groep bern dy't aanst foar in fergoeding bûten de boat falle. Dat is it gefal as mar ien âlder yn it gesin wurket en it bern gjin rjocht hat op jild troch in taalachterstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)