Rappe riders oanhâlden

02 des 2013 - 12:21

Twa rappe riders moasten snein it rydbewiis ynleverje. De plysje trof op de rûnwei yn Snits in 43-jierrige bestjoerder oan dy't 138 kilometer ried, wylst 80 tastien is. By Oerterp moast in 22-jierrige automobilist út Wynjewâld syn rydbewiis ynleverje nei't er 180 kilometer ried op de Opperhaudmare, dêr't 80 riden wurde mei. De plysje hie de man folge yn in ûnopfallende wein en seach dat de man ek op gefaarlike wize ynhelle hie. Tsjin beide bestjoerders is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)