Oerwurk werom nei Lit'diel

Gemeente Littenseradiel
Littenseradiel krijt woansdei in âld oerwurk werom. It is 25 jier lyn út de ôffalbak rêden by de restauraasje fan ien fan de tsjerken yn de gemeente. It is doe oerdroegen oan de Stichting Alde Fryske Tsjerken, dy't it yn de opslach sette. Troch bemuoienis fan in stichting dy't him dwaande hâldt mei âlde oerwurken giet it no werom nei Littenseradiel. Dy makket woansdei bekend op watfoar tsjerke it komt te hingjen.