Ien app foar alle Waadeilannen

02 des 2013 - 11:22

De VVV fan Skylge hat yn gearwurking mei Steatsboskbehear ien applikaasje foar alle Waadeilannen ûntwikkele. Der wiene ferskate apps mei ynformaasje oer de eilannen, mar troch al dy applikaasjes wie it oersjoch fuort. De nije app mei eilânynformaasje is bedoeld foar minsken dy't al op it eilân binne om bygelysk de bustiden op te sykjen.

It kostet 300.000 euro om de applikaasje hielendal te ûntwikkeljen. It Waadfûns soe dêr in tredde part fan betelje, mar hat him weromlutsen. As it fûns beslút hielendal gjin jild te jaan, kin de app minder fier úntwikkele wurde en kin it lêste ûnderdiel fan it projekt, it biskikber stellen fan de applikaasje oan kustgemeenten, net trochgean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)