Winterrêstgebiet op de marren

Yn Súdwest-Fryslân binne sûnt 1 oktober stikken fan de marren oanjûn as winterrêstgebieten. De provinsje hat dit dien yn it ramt fan de kampanje 'Geniet en vaar bewust, gun vogels in de winter hun rust'. De gebieten lizze ûnder oare yn de Snitser Mar, de Wite Brekken en de Fluezen.
Wettersporters wurde frege om tusken 1 oktober en 1 april de gebieten net yn te gean. De rêstgebieten binne ôfsetten mei giele boeien. De bysûndere fûgels dy't hjir oerwinterje krije sa de rêst dy't se noadich hawwe, it giet benammen om bysûndere einesoarten.
It giet om in earekoade, der wurde gjin kontrôles hâlden. Neffens guon rekreaasje-ûndernimmers is lang net elk op de hichte fan de nije earekoade. Guon sette fraachtekens by Natura 2000, sy binne benaud dat der neat mear mei yn it gebiet, wylst de provinsje tagelyk heech ynset op it befoarderjen fan it toerisme.