Follybalsters winne yn Grins

De follybalfroulju fan Snits hawwe snein mei 3-1 wûn fan hikkesluter Lycurgus. Yn Grins lieten de froulju fan Snits harren yn de earste set ferrasse troch de nûmer lêst. Yn in lykopgeande striid wie it Lycurgus dat oan 'e langste ein luts en de 25-21 setwinst helle.
Yn de twadde set soarge in goede servicesearje fan Fenna Zeinstra foar de 25-22 winst foar Snits. Ek de tredde set waard op it nipperke in proai foar Snits (27-25). Dêrnei pakten de froulju fan trainster Petra Groenland de oerwinning mei 25-20 yn de fjirde set.
Troch de winst stean de follybalfroulju fan Snits op 22 punten út 9 wedstriden.