Jansma 10e mei fjouwermânsbob

Sybren Jansma © ANP
Bobslider Sybren Jansma fan De Pein is sneon by de earste wrâldbekerwedstriid yn Calgary as tsiende einige mei de fjouwermânsbob. Mei stjoerman Edwin van Calker, Bror van der Zijde en Arno Klaassen wie er ticht by Olympyske kwalifikaasje. Om yn febrewaris nei Sotsji te meien mei de fjouwermânsbob moat der dit seizoen yn de wrâldbekerwedstriden in plak by de earste acht behelle wurde.