Ferwûne rint op 'e dyk om

By Sumar hat de plysje sneontenacht in autobestjoerder oantroffen dy't mei ferwûnings en smoarge klean oan op 'e dyk rûn. De man wie mei de auto oan de Lânsbuorren fan de dyk rekke. In foarbygonger hie de plysje warskôge, mar de helptsjinsten fûnen gjinien by de auto. De brânwacht hat ek noch om 'e nocht mei in waarmtekamera by de auto socht.
De bestjoerder waard in kilometer fierderop fûn. Hy is mei ferwûnings nei it sikehûs yn Drachten brocht. In bloedproef moat útwize oft er dronken wie.