Rydferbod foar bestjoerder

01 des 2013 - 11:14

Yn Donkerbroek is sneontejûn in man fan 67 jier oanhâlden, om't tocht waard dat er alkohol hân hie. De plysje kaam de man tsjin op de Bovenweg. Dêr foel op dat er slingerjend ried mei de auto. De plysje joech in stopteken, mar de man ried troch nei hûs ta. Dêr woe er earst net út de auto weikomme.

Op 't lêst krigen de plysjes de man út de auto en moast er mei nei it buro. De blaasproef mislearre in pear kear. Dêrom is in bloedproef by him ôfnaam. De man hat in rydferbod fan tolve oeren krige.

Trefwurden: 
plysje Donkerbroek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)