Bussjauffeur mishannele

01 des 2013 - 10:17

Yn de bus tusken Easterbierrum en Harns is sneontemiddei in bussjauffeur mishannele. Yn Easterbierrum stapte in man fan 39 jier yn. Underweis nei Harns krigen de manlju spul. De passazjier bedrige en sloech de sjauffeur. Dy warskôge de plysje. Op de Haadwei waard de man oanhâlden. Hy is meinommen nei it plysjeburo en yn de sel set. De plysje docht noch fierder ûndersyk nei de mishanneling.

Trefwurden: 
mishanneling bussjauffeur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)