Stasjon Hearrenfean fernield

Op it stasjon fan It Hearrenfean is sneontenacht it rút fan in wachtromte fernield troch twa jonges út Twello. Se rûnen jûns let oer ien fan de perrons en ien fan harren skopte twa kear tsjin in rút. In tsjûge seach dat it rút stikken gong en warskôge de plysje. Oan de hân fan in goede beskriuwing fan de 19-jierrige jonges koene se oanhâlden wurde op it stasjon. Se moasten mei nei it plysjeburo en se moatte de skea fergoedzje.