LDODK ferliest by DVO

De kuorballers fan LDODK hawwe sneontejûn mei 25-21 ferlern fan DVO yn Bennekom. Nei 6-6 sloech de thúsploech it earste gat. It waard 9-6 en 15-9. Op healwei hie LDODK de skea wer wat ynhelle: 16-13.
It begjin fan de twadde helte wie noch goed fan de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool (16-16). Dêrnei rûn it wer better by DVO en makke LDODK tefolle flaters. Noch in pear kear kaam de ploech fan Terwispel en De Gordyk op twa punten. Nei 23-21 wie it krûd damp en rûn DVO út nei 25-21.