ONS ûnderút tsjin Excelsior

Topklasser ONS Boso Snits hat sneon mei 3-2 ferlern fan Excelsior. Yn Maassluis soarge in reade kaart foar Roelof Strikwerda dat ONS al betiid mei 10 man fierder moast. Op slach fan rêst profitearre Excelsior optimaal fan de man-mear-situaasje troch de 1-0 binnen te koppen.
Nei rêst soarge wa oars as ynfaller Sandor van der Heide foar de lykmakker. Kevin Vink sette mei syn twadde goal de thúsploech wer op foarsprong. Yn de lêste minuten waard it 3-1 en 3-2 troch Chris de Wagt út in strafskop. ONS stiet 10e mei 20 punten út 14 wedstriden.