Drachtsters ferlieze fan AZSV

30 nov 2013 - 16:37

Drachtster Boys is sneon teloarstellend mei 1-0 ûnderútgongen tsjin hikkesluter AZSV. Op eigen fjild setten de Drachtsters fol fjoer útein mei in bal op 'e latte fan Jan Stoker en in skot fan Mark Huizinga. It Drachtster publyk moast lykwols lang wachtstje op de iepeningstreffer. Dy foel tsjin de ferhâldings yn oan de kant fan de gasten út Aalten. Ynfaller Frank Harmens hie de lykmakker op 'e skoech, mar syn skot waard keard troch de keeper.

Troch it ferlies bliuwt de ploech fan Fred de Boer op 14 punten út 11 wedstriden stykjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)