Keamer tsjin lânboufergif

30 nov 2013 - 15:43

In mearderheid yn de Twadde Keamer wol ophâlde mei it brûken fan it lânbougif dat yn Aldemardum foar in soad sûnensklachten soarge hat. Zembla hie oardel wike lyn in televyzje-útstjoering oer metam-natrium dat troch in leeljekweker by Aldemardum brûkt waard. It stode it doarp yn en feroarsake sûnensklachten.

De Partij voor de Dieren hat de steatssiktaris no oproppen in ferbod op it middel yn te stellen. Der is stipe fan de PVV, PvdA, D66, SP, GrienLinks en 50plus. Begjin takom jier wurdt der in debat oer fierd yn de Twadde Keamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)