Ferbou MCL kin noch net los

30 nov 2013 - 14:51

It akkoart foar 2014 tusken it MCL en soarchfersekerder De Friesland betsjut noch net dat it sikehûs begjinne kin mei de bou fan nije operaasjekeamers en de útwreiding fan it hertsintrum. Dat seit bestjoersfoarsitter Kees Donkervoort yn reaksje op it akkoart dat freed berikt is.

It MCL hat plannen om foar tsientallen miljoenen te ferbouwen. Dy plannen binne earder op in sêft sin set, omdat De Friesland gjin finansjele garânsjes jaan koe. Neffens Donkervoort binne dy garânsjes der no wol oer 2014, mar noch net foar de jierren dêrnei.

Dy basis is te smel om al in beslút te nimmen oer de nijbou. Donkervoort hopet dat der healwei desimber dúdlikens komt.

Trefwurden: 
MCL De Friesland
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)