Flyers pakt romme bekerwinst

© Nicolien Sijtsema
De iishockeyers fan de UNIS Flyers wiene freedtejûn yn de twadde bekerronde mei mar leafst 11-0 te sterk foar it talinteteam fan de Nederlânske iishockeyakadeemje. Nei tsien minuten spyljen stie der al in 5-0 foarsprong op it boerd. Joey Oosterveld, Kevin Bruijsten en Levi Houkes tekene alle trije foar twa treffers.
Snein stiet de return yn Eindhoven op it programma foar de ploech fan trainer Chris Eimers.