Fjirde ferlies Feanfroulju

Trainster Jessica Torny © AWfoto.nl
De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean hawwe freed mei 3-1 fan FC Twente ferlern. Op eigen fjild kamen de Feanfroulju nei in healoere op efterstân. Flak nei rêst strafte FC Twente in ferdigeningsflater ôf en stie de 0-2 op it boerd. Topskoarster Vivianne Miedema krige fuort dêrnei de kâns op de oanslutingstreffer, mar sy miste de stafskop.
It waard noch soerder doe't âld-Hearrenfeanspylster Sherida Spitse yn de 69e foar de tredde Twentske treffer tekene. In kertier foar de ein soarge Yvonne Ploeg foar de earetreffer en de einstân.
It is it fjirde ferlies foar de ploech fan trainster Jessica Torny, dy't mei 19 punten út 11 wedstriden op it 6e plak stiet yn de BeNe League. It Belgyske Standard Luik giet tegearre mei FC Twente oan de lieding mei 26 punten.