Jildwinst SC Hearrenfean

Stadion SC Hearrenfean © ANP
Sportklup Hearrenfean hat it seizoen 2012/2013 ôfsletten mei in nettowinst fan hast 5 miljoen euro. De winst is benammen it gefolch fan de ferkeap fan spilers. Sûnder de transfers soe der hast 5 miljoen ferlies west hawwe.
Foar it rinnende seizoen rekkenet SC Hearrenfean op in ferlies. Hoe heech oft dat útfalle sil, moat ôfwachte wurde. De klup rekkenet derop dat se yn de finansjeel sûne kategory 3 fan de KNVB bliuwe sille.