Minder WW foar personiel Prins

De âld-wurknimmers fan Prins Dokkum hawwe in nije klap oprûn. Nei it ûntslach en it net trochgean fan in ûntslachregeling wurde se no ek noch koarten op de WW-útkearing. De koarting hat te krijen mei de stakingsaksjes dy't hâlden binne. Utkearingynstansje UWV lûkt de stakingsdagen ôf fan it trochsneedlean yn de lêste tolve moanne. Op dat lean is de WW-útkearing basearre.
De fakbûnen sille besjen oft de koarting noch te kearen is.