Fergees boartersguod útsykje

Op It Hearrefean is dit wykein spesjaal foar it Sinteklaasfeest in boartersguodbank iepene. Minsken dy't fan de bystân libje, hawwe faak gjin jild om boartersguod te keapjen. Sy kinne it dêr no fergees útsykje.
Inisjatyfnimmer Anna Petra van der Wal seit dat it foar bern wichtich is om wat te krijen op it Sinteklaasfeest. Oare bern op skoalle komme ek mei kado's oan. Mei-inoar meie goed 170 húshâldings op It Hearrefean nei de boartersguodbank om wat moais op te heljen.