Feiling foar tsjerke Eastermar

30 nov 2013 - 09:48

Yn Eastermar wurdt sneontejûn in doarpsfeiling hâlden yn it tsjerkegebou De Buorren. De opbringst sil gean nei de ynrjochting fan it nije tsjerkegebou op It Heechsân. De tsjerke moat op in sfearfolle wize ynrjochte wurde mei de modernste fasiliteiten.

Der sille bysûndere stikken feild wurde, lykas in fakânsje nei Sweden en It Amelân, mar ek in sinjeard fuotbalshirt fan Alfred Finnbogason.

Trefwurden: 
tsjerke feiling Eastermar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)