Roemenen oppakt nei babbeltrúk

30 nov 2013 - 08:57

Trije Roemenen binne freedtemoarn oppakt yn Appelskea foar in babbeltrúk. It trio, twa manlju fan 30 en 42 jier en in frou fan 24 jier, stienen by in supermerk yn it doarp en fregen minsken oft se jild wikselje koenen. Omstanners fertrouden it net en warskôgen de plysje.

Op it plysjeburo die bliken dat de Roemenen earder yn Feanwâlden mei in babbeltrúk de pinpas fan in âldere frou stellen hienen. De fertochten stienen op kamerabylden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)