Bysûndere fynsten Frisoslûs

29 nov 2013 - 19:06

By bouwurk oan de Johan Frisoslûs yn Starum binne archeologyske fynsten dien. Sa binne de resten fan in âlde muorre bleatlein. Der is ek in bysûnder rinkje fûn en twa munten. It giet om fynsten út de 12e ieu en âlder.

It ûndersyk is ûnderwilens al klear. Der wurdt no in rapport mei de útkomsten opsteld. It is de bedoeling dat de fynsten skielk te sjen binne op in útstalling yn Starum. De archeologyske fynsten hawwe gjin gefolgen foar de planning fan de bou fan de slûs.

Trefwurden: 
Johan Frisoslûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)