Suderie Dokkum wurdt opknapt

29 nov 2013 - 17:05

De ried fan Dongeradiel is akkoart gien mei de ferbettering fan de Suderie, de farferbining tusken Dokkum en de Lauwersmar. De Suderie wurdt ferbrede en djipper makke, der komme natuerfreonlike wâlskanten en brêgen wurde op hichte brocht.

De binnenstêd fan Dokkum wurdt ek oantrekliker makke foar wettersporters. De stedsgrêften wurde útdjippe, en der komme foarsjennings lykas in elektrysk oplaadplak, wetter- en stroompunten en húskes. De totale ynvestearring is 43 miljoen euro, 20 miljoen dêrfan komt út it Waadfûns.

Trefwurden: 
Dokkum Lauwersmar Suder Ie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)