Syktocht fermiste by De Sweach

De plysje hat tongersdei koarte tiid mei in helikopter boppe de bosk fan Beetstersweach flein om te sykjen nei de fermiste Friso Wouda. Wouda is in plysjeman yn oplieding fan Fryske komôf. Moandeitejûn kaam er net op syn wurk yn Delfsyl. Omdat er syn tsjinstwapen by him hat, waard grut alaarm slein.
De plysje woe by Beetstersweach sykje omdat Wouda dêr yn it ferline geregeld kaam om te kuierjen. Mar omdat it gebiet te grut is en der gjin konkrete ynformaasje is dat hy dêr yndied is, is de syktocht yn Fryslân stillein.
Lokale plysje is no frege om it gebiet yn de gaten te hâlden.