Oppakt foar stellen bernejas

29 nov 2013 - 12:03

Yn Ljouwert is tongersdeitejûn in 41-jierrige frou út Rotterdam oanhâlden. Se soe in bernejas stellen hawwen yn in winkel oan de Nijstêd. De winkelman warskôge de plysje en dy hâlde de frou oan yn de Baginestege flakby de Nijstêd. Bliken die dat se ek noch tritich dagen finzenisstraf iepen te stean hie.

De frou is meinaam nei it plysjeburo. Se sit dêr fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)