Friezen op NL-twitterlist

Twitter © ANP XTRA
Twa Friezen stean op de list fan hûndert ynfloedrykste twitterers. PvdA-politikus Jacques Monasch fan Snits stiet op it 38e plak. Ald-steatssekretaris Joop Atsma fan Surhústerfean stiet op it 92e plak.
De list is gearstald yn opdracht fan De Volkskrant. Hy jout in oersjoch fan de twitterers dy't benammen yn polityk opsicht ynfloed hawwe. Nûmmer ien yn de Twitter-top 100 is de einredakteur fan Paul en Witteman, Jaap Jansen. De eardere ferslachjouwer fan Den Haag Vandaag, Wouke van Scherrenburg, stiet twadde.