Fyftjin bekeurings op Wâldwei

29 nov 2013 - 11:07

Fyftjin autobestjoerders hawwe tongersdei in boete krigen op de Wâldwei. De plysje hâlden in ferkearskontrôle by De Pein. Dêrby waarden 168 auto's kontrolearre.

De fyftjin bekeurings wiene foar saken lykas stikkene ferljochting en remmen. Oare bestjoerders rieden sûnder jildich rydbewiis, de APK fan de auto wie ferrûn of der wie sprake fan te swiere belading.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)