Foersintrum wol útdiele

29 nov 2013 - 11:00

De oprjochters fan it fallite Voersintrum BV yn Ljouwert wolle it foer fan boeren dat no noch opslein leit yn in sintrum, takom jier útdiele oan de klanten. Yn 2010 rjochten ûndernimmers it foersintrum op. Boeren leveren op in sintraal punt yn Ljouwert rûchfoer oan. Dat waard tsjin betelling ferwurke en letter wer ferdield ûnder de boeren.

Yn de begjinjierren wiene der goed tritich dielnimmers, ferline jier noch tolve. Mei trochdat útwreidingsplannen op oare plakken net fan de grûn kamen, rekke it foersintrum yn finansjele need.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)