Fertocht fan heling snorfyts

29 nov 2013 - 10:25

De plysje hat tongersdeitejûn in man fan 33 út Marrum oanhâlden. Hy ried op in snorfyts troch de Sam Dresdenstrjitte yn Ljouwert. De plysje woe de man kontrolearje, mar hy soe útnaaie. It die bliken dat de snorfyts as stellen registrearre stiet.

Yn in tas ûnder syn klean hie de man ynbrekkersark. De snorfyts en de tas binne yn beslach naam. De man is ynsletten.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje snorfyts
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)