Bonne Speerstra skriuwt boek

29 nov 2013 - 06:56

Bonne Speerstra fan Sonnegea hat in boek skreaun oer syn libben as feehanneler. Hast in heale ieu hannele Speerstra yn fee en hy kaam alle dagen by de boer op it hiem of op de feemerk.

It boek 'Oer twa brêgen' beskriuwt hoe't in feehanneler belutsen is by it boeredriuw en de boerefamyljes. It boek jout ek in byld fan de feroarings yn de feehâlderij. Speerstra, in broer fan skriuwer Hylke Speerstra, is grutbrocht op in pleats yn buorskip Ymswâlde by Tsjerkwert. Dêrnei wurke er yn fanút de Stellingwerven. Syn earste boek komt freed út.

Trefwurden: 
boek Bonne Speerstra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)