Petear fierder mei 4 partijen

28 nov 2013 - 22:46

Alle fjouwer politike partijen dy't belutsen binne by de formaasje fan it nije kolleezje fan de gemeente Ljouwert binne noch oan board. Dat lit ynformateur Jouke de Vries witte nei ôfrin fan it oerlis tongersdei. It giet om de PvdA, dy't 12 sitten helle by de gemeenteriedsferkiezings op 13 novimber, it CDA mei 6 sitten en PAL GrienLinks en D66 mei beide 4 sitten.

Neffens De Vries binne der noch gjin konkrete stappen setten. Freed sille de partijen opnij mei-inoar om tafel.

Tongersdeitemoarn liet D66 witte dat se net gearwurkje wolle mei PAL GrienLinks. Listlûker Hilde Tjeerdema twittere dat neffens har allinnich de partijen dy't by de ferkiezings wûn ha, rjocht ha op in plakje yn it nije kolleezje fan Ljouwert. Dat soenen de PvdA, CDA, en D66 wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)