Empatec lit dreambaan útkomme

Piloat, achtbaanbouwer of tankbestjoerder. It binne in pear fan de dreambanen fan de meiwurkers fan Empatec yn Snits. En om dy dreambaan dochs in bytsje útkomme te litten hat in profesjonele fotograaf harren yn dy banen op de foto set. De foto's binne fan tongersdei ôf te besjen yn de hal fan it Empatecgebou yn Snits.
Hoewol't it foar de measte meiwurkers by dreamen bliuwt, binne der ek guon dy't harren winsk wiermakke hawwe. Sa woe ien fan de Empatecmeiwurkers graach oan de slach by in Poiesz-supermerk en dat is slagge.