Wer mear seegers yn Waadsee

28 nov 2013 - 21:08

It giet de goede kant op mei it seegers. Dat docht bliken út de monitoring fan de Waadferiening en Rykswettersteat. Twa jier lyn binne beide klups begongen mei it siedzjen fan nij seegers. Ut mjittings docht no bliken dat der dit jier wer mear gers opkaam is as ferline jier.

De ûndersikers pleatse lykwols in kanttekening by it sukses. Neffens har ha de planten fan dit jier minder sied foarme as de planten fan 2012. Mooglik hat dat te meitsjen mei de lange en kâlde maaitiid. It bliuwt dus ôfwachtsjen hoe't de rispinge takom jier wêze sil

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)