Doutzen presintearret moadesjo

28 nov 2013 - 16:58

Topmodel Doutzen Kroes fan Eastermar presintearret ek dit jier wer de registraasje fan de ferneamde Victoria's Secret Fashion Show op de Nederlânske stjoerder Net5. De moadesjo mei linzjery fan it bekende Amerikaanske merk is earder dizze moanne opnaam. De registraasje wurdt op 10 desimber útstjoerd op de Amerikaanske tillevyzje.

Twa wiken dêrnei, op krystjûn, kin it Nederlânske publyk op Net5 de registraasje besjen. Ferline jier hie Doutzen de presintaasje ek al yn hannen. En yn septimber presintearre Doutzen it Nederlânske Filmgala.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)