Wurkstraf foar nepbom

It Iepenbier Ministearje hat 120 oeren wurkstraf en trije moanne selstraf op betingst oplein oan ien fan de twa fertochten fan de nepbom op it stasjon fan Wolvegea begjin dit jier. Ek moatte de twa manlju fan it IM tegearre 25.000 euro skeafergoeding betelje oan de NS, omdat dy bussen ynsette moast. De oare fertochte komt pas letter foar de rjochtbank.
It stasjon fan Wolvegea wie yn jannewaris fjouwer oeren lang ôfsletten fanwege de fynst fan in fertocht pakketsje. Lang om let die bliken dat it loas alarm wie.