Sportkafee yn T'diel

28 nov 2013 - 06:19

In soad sportferienings hawwe te krijen mei in tekoart oan frijwilligers. De klup draait meastentiids op in lyts groepke minsken dy't hiel wat wurk fersette moatte. Dat kin oars tinkt de gemeente Tytsjerksteradiel. Wolwêzen organisaasje Kearn hat ûndersyk dien en is belutsen by projekten om klups gearwurkje te litten mei oare organisaasjes.

Der is al in tal foarbylden sichtber yn Tytsjerksteradiel. Tongersdeitejûn is der in sportkafee yn de gemeente, dêr't alle ferienings prate kinne oer de feroarjende posysje en rol fan ferienings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)