Nije haden nei problemen S'lân

27 nov 2013 - 15:12

De ôfdieling publyk op it gemeentehûs fan Smellingerlân krijt nije liedingjaanden. Op de ôfdieling wie al skoften sprake fan in minne sfear, trochdat it personiel net in soad fertrouwen hie yn de twa ôfdielingshaden. De problemen kamen earder dit jier nei bûten en binne ek befestige troch in ekstern ûndersyk. De ôfrûne tiid hat in eksterne adviseur de ôfdieling holpen om de problemen oan te pakken. Ut it ûndersyk kaam ek nei foaren dat de problemen breder binne as allinne op de ôfdieling publyk.

Nochal wat amtners kleie oer de sfear op it gemeentehûs. Smellingerlân besiket no mei help fan in eksterne organisaasje ek dêr wat oan te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)