Eilanners nei Den Haach

© Omrop Fryslân
In stevige delegaasje Skylgers en Flylanners reizget woansdei nei Den Haach om it oerlis yn de Twadde Keamer by te wenjen oer de fearboatoarloch. Steatssiktaris Mansveld wol in ein meitsje oan de problemen troch de EVT (Eigen Veerdienst Terschelling) oan bannen te lizzen. Mansveld wol dit dwaan omdat it wurk fan de EVT slimme gefolgen ha soe foar de wintertsjinstregeling fan Rederij Doeksen op Flylân en Skylge.
By it debat oer de fearboatoarloch moat dúdlik wurde oft der yn de Twadde Keamer in mearderheid is foar it belied fan Mansveld.
De ferskate politike partijen hawwe in soad fragen oan de steatssiktaris. Sa driget de EVT mei in grutte skeakleem as it bedriuw stillein wurdt. De politike partijen wolle witte hoe grut oft dat risiko is. Rederij Doeksen wie fan doel om dizze winter folle minder faak nei Skylge en Flylân te farren, mar hat dat foarnimmen ynlutsen nei oanlieding fan it beslút fan Mansveld om de EVT oan bannen te lizze. Oan it algemien oerlis dogge ferskate keamerleden út Fryslân mei. Sa is Aukje de Vries út Ljouwert wurdfierder foar de VVD en Sander de Rouwe út Boalsert foar it CDA.
Omrop Fryslân is woansdei oanwêzich by it algemien oerlis oer de Waadfearen en sil dêr ûnder oare op Twitter ferslach fan dwaan.