Soad animo foar enerzjypreemje

27 nov 2013 - 11:45

De Enerzjy Preemje Regeling fan de provinsje is populêr. De Steaten ha 11 miljoen euro beskikber steld foar partikulieren dy't har eigen hûs enerzjysuniger meitsje wolle. De regeling is noch mar goed in wike iepen en no al lizze der 844 oanfragen. Partikulieren kinne maksimaal 2.400 euro subsydzje krije as se har wenning isolearje, sinneboilers oanskaffe of oerstappe op bygelyks ierdwaarmte. De regeling moat soargje foar in better miljeu, mar is ek bedoeld om boubedriuwen mear oan it wurk te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)