Leukste fakânsjepark yn Makkum

Beach Resort Makkum
Beach Resort Makkum is útroppen ta 'Leukste Vakantiepark van Nederland'. Dat is tiisdei bekend makke op de rekreaasjefakbeurs yn Gorinchem. Earder wie it park yn Makkum al provinsjaal winner. Lanlik krige it park goed 2.000 stimmen mei in wurdearring fan 8,7.
De ferkiezing is opset troch de Recron, de feriening fan rekreaasje-ûndernimmers fan Nederlân. Gasten koenen stimme.