Hantekens tsjin wynmûnepark

27 nov 2013 - 10:56

Tsjin de komst fan in wynmûnepark yn de Iselmar binne woansdei 3.752 hantekens oerlange oan deputearre Hans Konst. Stichting Don Quichot wol net dat foar de Fryske kust in park komt dat maksimaal 400 MW oan stroom opwekke kin. Neffens foarsitter Pieter Tichelaar ha 2500 húshâldens in hanteken set en dat komt del op 90 prosint fan de bewenners tusken Makkum en Hylpen, dy't tsjin de komst fan it park binne. Neffens Konst giet it ryk deroer, mar de Steaten dogge oer in healjier ek in útspraak oer it park.

De stichting Don Quichot giet no op nei Den Haag om te protestearjen by de minister.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)