Cambuur test Sweedske spilers

26 nov 2013 - 22:53

Cambuur teste tiisdeitejûn fjouwer Sweedske spilers. Christopher Eriksson, Dzenis Kozica, Linus Tornblad en Daniël Jarl spilen alle fjouwer de hiele oefenwedstriid tsjin sneinshaadklasser Snits Wyt Swart mei. Kozica skoarde de tredde goal yn de wedstriid dy't troch Cambuur mei 5-3 wûn waard.

Woansdei traine de fjouwer Sweden noch mei. Dêrnei wurdt mei elk fan harren in petear hâlden. Dêrnei wurde de saakwaarnimmers fan de spilers op de hichte steld. Cambuur trainer Dwight Lodeweges woe tiisdei noch gjin definityf útslútsel jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)