Brêgen Greidhoeke op hichte

De farrûtes yn de Greidhoeke tusken Boalsert-Frjentsjer-Easterein wurde tagonklik makke foar sloepkes en lytse motorboatsjes. De wurkgroep Lytse Farwegen is der yn slagge om mei help fan de gemeenten Frjentsjerteradiel, Littenseradiel, SWF en de provinsje 272.000 euro bymekoar te skarreljen en dêrmei kinne fjouwer brêgen op in hichte fan oardel meter boppe it wetter brocht wurde.
It úteinlike doel is om mear as 50 brêgen te ferheegjen, sadat de farwegen better oanslute op bygelyks de noardlike Alvestêderûte.