'Tongersdei koälysje Ljouwert'

Gemeente Ljouwert
Ynformateur Jouke de Vries fan Ljouwert praat fierder mei fjouwer partijen: PvdA, CDA, PAL GrienLinks en D66. De Vries ferwachtet tongersdeitejûn in advys jaan te kinnen oer de bêste koälysje.
Fan woansdei ôf praat De Vries mei de ûnderhannelers fan de fjouwer partijen. Hy sjocht dan ûnder oaren nei de ynfolling fan de wethâldersposten en it koälysje-akkoart.