Fryske websiden foarlêzen

26 nov 2013 - 19:51

Frysktalige websiden kinne fan tongersdei ôf ek yn it Frysk foarlêzen wurde. In spesjaal programma set de tekst oer yn sprutsen taal. Dit helpmiddel kin brûkt wurden troch minsken mei in fisuele beheining of as se it Frysk lêzen net goed behearskje.

It foarlêsprogramma, text-to-speech, is makke yn opdracht fan de provinsje Fryslân. It programma wurdt tongersdei op it provinsjehûs presintearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)