'Boarger SWF wol meiprate'

De gemeente Súdwest-Fryslân kin ynwenners better belûke by it meitsjen fan plannen en de útfiering fan dy plannen. Minsken hawwe noch te faak it idee dat reaksjes en ideeën foar plannen yn de praktyk net folle úthelje. Dat docht bliken út in grut boargerûndersyk fan de gemeente.
Oer it generaal binne de bewenners bêst tefreden oer de prestaasjes fan de gemeente. Goed twatûzen minsken hawwe in enkêteformulier tastjoerd krigen en goed 560 hawwe it ynfolle.